Skoalbern plantsje blombollen

09 okt 2007 - 10:14

Skoalbern fan de Ljouwerter wiken It Vliet en de Schepenbuurt plantsje woansdei en tongersdei 1500 blombollen yn harren wyk. Dat is de start fan in gruttere aksje wêrby't der yn mear wiken yn it easten fan Ljouwert in miljoen blombollen de grûn yn sille.

It idee foar dat plantsjen komt fan de bewenners sels en is ûnderdiel fan it projekt DOEN!. Dat projekt soarget foar ferbettering fan de wiken yn it easten fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)