Skoalbern oppakt foar nepoerfal

29 apr 2003 - 00:00

De plysje yn Stiens hat moandei fjouwer skoalbern oppakt dy't in rôfoerfal yn sêne set hiene. Se diene dat by in meubelsaak, fanwege in opdracht fan skoalle. De bern makken in reklamespotsje oer in produkt dêr't je hiel sterk fan wurde.

Doel wie dat in foarbygonger (in akteur) de oerfal sjen soe en de oerfaller pakke soe. In echte foarby- gonger belle lykwols de plysje. Dy naam ek noch in plastic pistoal yn beslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)