Skoalbern Noardeast-Fryslân dogge mei oan natuerprojekt

15 sep 2015 - 18:49

Bern bewust meitsje fan natoer, kultuerhistoarje en lânskipsbehear. Dat is it doel fan it edukative projekt 'Noardelike Fryske Wâlden, takomst foar in unyk lânskip'.

Sa'n 1.000 bern út de groepen 7 en 8 fan 41 skoallen yn Noardeast-Fryslân binne yn septimber en oktober op besite by agraryske bedriuwen. It gong fan start yn De Rottefalle; bern fan OBS Yn 'e Mande wiene op de buorkerij fan Van der Meulen yn harren eigen doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)