Skoalbern meitsje film

20 jun 2004 - 00:00

Groep 7 en 8 fan de Plataanskoalle yn Ljouwert binne dwaande mei it meitsjen fan in film. Se ferfilmje it boek 'Wedden van wel' fan Mirjam Oldenhave. It giet oer in famke dy't op in skoalle foar oars-learende bern sit.

Op de Plataanskoalle is de stifting 'Preventie-projecten' aktyf. Sy organisearje saken wêrby't bern leare mei inoar om te gean. It meitsjen fan de film is ûnderdiel fan it projekt. De film wurdt 7 july presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)