Skoalbern meitsje broeibulten

12 apr 2008 - 12:31

Learlingen fan it Gomarus-kolleezje yn Drachten helpe mei mei de oanlis fan broeibulten foar de ringslang yn it gebiet by Koartehimmen en by de Sanding yn Drachten. Dat dogge sy yn it ramt fan in maatskiplike staazje by Landschapsbeheer Friesland.

Broeibulten binne bulten makke fan ûnder oaren reid, plaggen en it blêd fan beammen. Ringslangen lizze harren aaien yn de bulten. Yn Nederlân wurdt de ringslang bedrige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)