Skoalbern krije priuwles

02 jun 2006 - 09:25

Sa'n 100 basiskoalle bern út Ljouwert krigen tongersdei priuwles op it Van Hall ynstitút. De bern moatte troch de priuwlessen te witten komme wat se ite en wêr't it iten wei komt.

De lessen op it Van Hall wiene de start fan in nij lespakket oer iten en priuwen foar basiskoallen. Troch mear te learen oer iten moatte bern sûner ite. Hieltyd mear jonge bern binne te grou troch chips, patat en tefolle snobbersguod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)