Skoalbern ite bôle op stedhús

04 nov 2013 - 11:06
  • Boargemaster Crone mei de bern oan it miel.

Bern fan de Albertine Agnesskoalle sieten moandei oan in moarnsbrochje mei boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. It is de wike fan it Nationaal Schoolontbijt en dêrom wie de Oranjeseal op it Ljouwerter stedhûs ynrjochte as ytseal. Mear as 200 boargemasters út it hiele lân dogge mei oan it 'Burgemeestersontbijt.

De skoalbern koene persoanlike fragen stelle oan de boargemaster, mar ek freegje om in frijwillige donaasje foar War Child, want dat is dit jier it goede doel fan het Nationaal Schoolontbijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)