Skoalbern helpe Voedselbank

21 des 2012 - 15:39
  • Fiedselbank ferskaft iten oan earmere minsken
  • Foedselbank

De 25 krystpakketten dy't de Voedselbank yn Boarnsterhim útdielt, wurde dit jier fold mei iten en drinken fan Grouster skoalbern. De learlingen fan OSG Sevenwolden hawwe freedtemoarn massaal produkten meinaam nei skoalle. Yn ruil dêrfoar mochten se films sjen op skoalle. It idee komt by de skoalle wei. Alle jierren organisearje se yn Grou flak foar de krystfakânsje in aktiviteit. Dit jier is dat in filmfestival wurden. De Voedelbank dielt de krystpakketten moandei út.

Der is bot ferlet fan stipe no't der hieltyd mear minsken bykomme dy't gebrûk meitsje fan de Voedselbank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)