Skoalbern frij nei skoalreis

05 apr 2001 - 00:00

Learlingen fan de mavo op De Jouwer ha dizze wike twa dagen thús sitten. De eineksamenkandidaten fan Sevenwolden hienen op skoalreis west nei Newcastle yn Grut-Britannië. Mooglik soenen de bern it tongblierfirus mei werom nimme.

De direksje besleat om de groep twa dagen frij te jaan om op advys fan it NLTO risiko's út te sluten. Der wie oars net in negatyf reisadvys foar Newcastle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)