Skoalbern better by de les

14 jan 2012 - 10:29

De âlderwetske laai wurdt op it stuit yn in moderne fariant wer brûkt op de kristlike skoallemienskip Liudger yn Drachten. Wiskundedosinten brûke in minyferzje fan in 'white board' om bern letterlik by de les te hâlden.

De learlingen ha in lyts white board en in skriuwstift. As de dosint har in fraach stelt, moatte se dy dêr allegear op beantwurdzje en sjen litte kinne. Op sa'n wize moatte de bern wol aktyf meidwaan en wurde se minder gau ôflaat.

De wiskundedosinten fan it Liudger seagen by in stúdzjereis yn Ingelân dat dêr mei sukses mei de white boards wurke wurdt. Se ha der doe sels ek in tal besteld. De ûnderfinings binne posityf. Ek dosinten dy't oare fakken jouwe, ha belangstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)