Skoalbern Akkrum nei âld mavo

05 feb 2003 - 00:00

De nijbou fan de Thalenskoalle yn Akkrum duorret langer as pland wie. Mei goed 200 learlingen is it hjoeddeistige skoalgebou te lyts. De skoalle ferhuzet dit skoaljier noch nei it gebou dêr't earder de mavo yn siet. Dat gebou waard earder brûkt troch skoalmienskip Sevenwolden, mar dy hat sûnt ferline jier in nij gebou.

It mavo-gebou moat wol wat oanpast wurde foardat de bern fan de Thalenskoalle der yn kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)