Skoal-tv net mear op Zappelin

22 okt 2010 - 11:49

Omrop Fryslân hâldt op 1 jannewaris op mei it útstjoeren fan skoalradio op 'e radio. De omrop docht dat omdat bliken docht dat skoallen graach sels bepale wannear't se nei in programma harkje. Dêrom wurde de programma's tenei allinnich op ynternet oanbean.

De útsjoerings fan skoalle-televyzje op Nederlân 3 komme te ferfallen. Fan 1 novimber ôf binne dy programma's te finen op de nije site Tsjek.nl. Fan 1 jannewaris ôf sil Omrop Fryslân TV se útstjoere ûnder de namme Tsjek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)