Sk'lân slút konsultaasjeburo's

17 okt 2012 - 13:58
  • konsultaasjeburo

Twa fan de trije konsultaasjeburo's yn Skarsterlân gean sa goed as wis ticht. Dat fan Aldehaske hâldt 1 jannewaris al op, dat fan Sint Nyk slút de doarren mooglik yn 2015. Allinnich De Jouwer bliuwt dan iepen. Alden gean mei har bern oant 4 jier nei it konsultaasjeburo foar lytsje ûndersykjes en advys. De GGD krijt lykwols minder jild foar dat wurk.

Earder noch grypte Skarsterlân yn en joech ekstra jild om de buro's iepen te hâlden. It gemeentebestjoer fynt dat de kosten dêrfoar no te heech wurde.

It konsultaasjeburo fan Aldehaske soe ferhúzje nei it Kultuerhûs, dat giet no net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)