SKL wol ûntsluting Súdlannen

06 nov 2012 - 12:44

Berne-opfangorganisaasje SKL yn Ljouwert wol dat de gemeente wat docht oan de ûntsluting fan de wenwyk De Súdlannen. SKL hat te krijen mei kapasiteitsproblemen yn de berne-opfang fan it nijbouplan Techum. Alders kinne gebrûk meitsje fan opfang yn Goutum of Suderbuorren, mar moatte dêrfoar in ein omride om't der mar ien ûntslutingsdyk nei de Overijsselselaan is. Bykommend probleem is dat der op de diken nei de alternative SKL-opfanglokaasjes yn de spits faak files steane. Foar guon âlden is dat gjin opsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)