Skjirresliper licht man op

17 jul 2014 - 10:11

Yn Tsjummearum is in ynwenner tiisdeitejûn bedrige troch in skjirresliper. De man belle om in oere as tsien oan by in wenning oan de Swaerderwei en frege oft de bewenner noch wat te slypjen hie. It slachtoffer joech in tal messen mei en doe't er se werom krige, moast er 1.600 euro betelje. Doe't de bewenner dat wegere, waard er bedrige. De skjirresliper gie dêrnei fuort sûnder jild.

De plysje slút net út dat de man mear slachtoffers yn Fryslân makke hat en freget om oanjefte te dwaan fan oplichters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)