Skjinnere brânstof wettersport

29 jun 2013 - 08:46

Wettersporters kinne no oan it wetter GTL tanke yn stee fan gewoane disel en dat is foar it earst dat soks kin yn Nederlân, sizze de Skipswinkel en Veenema Olie yn Snits. GTL is fan gas makke en is in hiele skjinne disel mei grutte foardielen foar de wettersport en it miljeu.

De winkel oan de Houkesleat is ûnderdiel fan Skipsmaritiem dat de brânstof ek yn har jachthavens ferkeapje wol. It grutste foardiel soe wêze dat der gjin baktearjegroei ûntstiet yn de tank en it brânstofsysteem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)