Skjinmakkers yn aksje foar CAO

03 jan 2012 - 07:41

De staking fan skjinmakkers rûnom yn it lân is foaral omdat se respekt ha wolle foar it wurk dat se dogge. Dat seit it fakbûn FNV-Bondgenoten. De skjinmakbrânzje fiert aksje foar in bettere CAO. Yn Fryslân gebeurt dat mei in 24-oers-staking. Woansdeitejûn wurde de treinen net skjinmakke en datselde jildt foar de húskes by ACHMEA.

De fakbûnen ha in pakket maatregels dellein om de wurksituaasje foar skjinmakkers te ferbetterjen. Dan giet it ûnder oare oer it trochbeteljen fan it lean by sykte. Dat gebeurt no net. Wurkjouwers wolle dêr neffens it fakbûn FNV net oer prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)