Skjinmakkers stake wer

10 feb 2003 - 00:00

De skjinmakkers fan treinen en bussen yn Ljouwert stake fan sneintenacht ôf wer. De tritich wurknimmers stake foar in bettere CAO. Se wolle ûnder oare dat se de earste twa syktedagen gewoan trochbetelle krije.

Twa wiken lyn staakten de skjinmakkers fan de treinen al. Doe hie it personiel fan Noordned de treinen skjinmakke. De busskjinmakkers ha har no by de aksje oansletten. FNV-Bondgenoten hat moandei as lanlike aksjedei útroppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)