Skjinmakkers ferfier stake wer

07 feb 2003 - 00:00

Fan moandei ôf kinne reizgers wer smoarge treinen en bussen ferwachtsje yn Ljouwert. Dy dei sille de skjinmakkers op it stasjon wer stake.

De skjinmakkers stake om't se net wolle dat se by sykte de earste twa dagen gjin salaris krije. FNV Bondgenoten hat moandei útroppen ta lanlike aksje-dei foar de skjinmaak. Twa wiken lyn waard der ek al staakt. Doe makke NoordNed sels de treinen skjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)