Skjinmakbeurt strân Skylge

19 sep 2012 - 11:40

De Waadferiening sil mei help fan 200 frijwilligers it strân fan Skylge skjinmeitsje. Tagelyk wurdt ûndersocht wêr't de rommel wei komt. Seebiolooch Jan Andries fan Frjentsjer is der fan 21 oant en mei 23 septimber by as saakkundige op it mêd fan plestik ôffâl yn see.

It is al foar de fyfde kear dat de Waadferiening it strân skjinmakket. Andries die al ris sa'n ûndersyk op Teksel en doe die bliken dat it measte ôffal fan skippen ôfkomstich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)