Skjinmakaksje yn Ljouwert

08 sep 2004 - 13:55

Skjinmakaksjes binne belangryk. Dat fynt Marjelle van Achelen. Se is direkteur fan de Stichting Nederland Schoon. Tiisdei is in lanlike kampanje 'De week van Nederland schoon' begûn.

Mei help fan sjonger Jamai, de dakleazeband, wethâlder Sluiters, bewenners en in boarstelmasine waard de Ljouwerter Knoopstrjitte skjinfage. Boargemaster Dales iepene in eksposysje fan keunst fan fuortsmiten blikjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)