Skiskoalle kin dochs wetter op

11 jul 2003 - 00:00

Wetterskiskoalle H&D Speed fan Sumar mei de hiele simmer wer hurdfarre op de Burgumermar. Tongersdei spande de skoalle in koart pleit oan, om't de provinsje bepaald hie dat op dy mar flugge wettersport net mear tastien is.

It beslút fan de provinsje soe de deastek wêze foar de skiskoalle, dy't dêrom in koart pleit oanspande. Yn augustus nimt Deputearre Steaten in beslút oer it beswierskrift dat de skoalle yntsjinne hie tsjin it ferbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)