Skipswrak fûn op strân Skylge

18 aug 2012 - 08:09
  • skipswrak
  • Skipsbút
  • koper skipswrak
  • skipswrak

Op de Boschplaat op Skylge is ein july in diel fan in skipswrak fûn troch Sjaak van Dijk út Nijverdal. Nei alle gedachten giet it om in skip út it begjin fan de achttjinde ieu. In diel fan de lading wie noch oan board. It guod is oerbrocht nei museum Het Behouden Huys op Skylge. It giet dan bygelyks om koperguod en kralen.

Sjaak van Dijk wurket normaal sprutsen as boskwachter op de Sallandse Heuvelrug foar Steatsboskbehear, mar op 10 july rûn er mei syn frou as frijwillich fûgelwachter op de Skylger Boschplaat doe't er de fynst die.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)