Skipswerven wurkje net feilich

22 feb 2010 - 12:16

Op acht fan de tsien skipswerven wurdt net feilich wurke. Dat konkludearret de Arbeidsynspeksje. By 120 bedriuwen ha kontrôles west. De Fryske skipswerven dogge it like min as de bedriuwen yn Nederlân.

Op de measte skipswerven wurde de feiligensregels net neilibbe. Steigers en ljedders doge net, masines binne ûnfeilich. Der wurdt ek net goed tocht om de feiligens by wurk yn ôfsletten romtes. Yn Fryslân hâldt de ynspeksje sân skipswerven yn de gaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)