Skipswerven misse oarders troch strange regeljouwing

18 feb 2015 - 16:06
  • Skipswerf Thecla Bodewes yn Harns

De noardlike skipswerven wurde de dupe fan de starre regels fan de oerheid. Sa driget skipswerf Bodewes yn Harns in oarder mis te rinnen fan 290 miljoen euro omdat it ministearje fan finânsjes gjin eksportkredyt jaan wol. Hjirtroch driget de superoarder oan harren noas foarby te gean en nei it bûtenlân te ferdwinen. Direkteur Piet Scheffer fan Bodewes sei dit woansdei tsjin steatssekretaris Wiebes fan finânsjes dy't op wurkbesite wie yn Harns. Dy fynt dat yn Europa gjin sprake wêze mei fan ûnearlike konkurrinsje.

Dat gefaar bestiet as yn oare lannen 'yllegale' steatsstipe oan werven jûn wurdt. Nederlân sil dêr tsjin striden bliuwe neffens Wiebes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)