Skipswerf Makkum wer iepen

23 okt 2005 - 14:30

De grutte skipswerf yn Makkum is sûnt sneon wer offisjeel yn gebrûk. Doe waard De Vries Skipswerf Makkum iepene. Dêrmei is in ein kommen oan in lange tiid fan ûnwissens. Begjin febrewaris makke de Damen-groep bekend dat de werf ticht gie. 180 man personiel kaam op strjitte. Yn maaie naam De Vries Groep út Aalsmeer de werf oer. Der is bot ynvesteard yn de hal en yn nije oarders.

Der wurkje 75 minsken by de werf. Faaks kin dat útwreide wurde nei 150 man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)