Skipswerf Los bout fearpont

25 apr 2014 - 15:09
  • De kiel fan de earste fearpont fan skipswerf Los

By skipswerf Los yn Ljouwert is freedtemiddei de kyl lein foar de bou fan in fearpont. Dy moat yn septimber farre oer de Isel tusken Dieren en Olburgen yn Gelderlân. De ponteigener wie fia de ûntwerper fan it skip yn kontakt kaam mei Jelle Los.

Los hat noch net earder in fearpont boud en wie dêrom fuort entûsjast oer de opdracht. De pont wurdt 28 meter lang en biedt plak oan seis auto's en tal fan fytsers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)