Skipswerf keart wenwyk op

06 apr 2010 - 11:04
  • Skipswerf Welgelegen (foto: Omrop Fryslân)
  • Hjir links soe de nije wenwyk komme (foto: Omrop Fryslân)

De bou fan 'e nije wenwyk Wetterpôle oan 'e Hemrik yn Ljouwert giet foarearst net troch. Skipswerf Welgelegen hat beswier makke tsjin de plannen. De gemeente wol op it plak fan 'e âlde fuotbalfjilden fan FVC tritich wenhuzen delsette litte.

De skipswerf oan 'e oare kant fan 'e Aldlânsdyk is benaud dat de regels dan stranger wurde. De werf hat beswier makke by de Rie fan Steat en dy hat de werf gelyk jûn. De ferkeap fan kavels is foarearst stillein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)