Skipswerf Intervak fallyt

23 des 2010 - 11:24
  • De loads fan skipswerf Intervak yn Harns

Skipswerf en konstruksjebedriuw Intervak yn Harns is fallyt. De 37 wurknimmers binne ûntslein. Neffens kurator Pasma wiene der net genôch opdrachten mear. It bedriuw hat sels it fallisemint oanfrege, omdat de leanen net mear betelle wurde koene.

Yntusken is in regeling troffen mei it UWV, sadat de 37 wurknimmers dochs noch jild krije yn desimber. De kurator wol besjen oft der in trochstart mooglik is, mar is net sa optimistysk oer de kânsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)