Skipswerf freget stipe fan Ryk

14 sep 2004 - 15:19

Skipswerf Volharding út Harns hat moandei yn Den Haag stipe frege om 15 nije skippen te bouwen. Fan dy skippen soenen fjouwer yn Harns ôfboud wurde. Dat betsjut wurk foar oardel jier.

Werven út it lân wienen yn Den Haag foar de takenning fan tydlike subsydzjejilden. Der sit 50 miljoen euro yn de pot. Werven kinne op syn heechst seis prosint fan de boukosten fergoede krije. Oer 13 wiken is bekend watfoar werf watfoar jild krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)