Skipswerf foar Fiskershúske

23 sep 2002 - 00:00

De útwreiding fan It Fiskershúske is wer in stap tichterby kommen trochdat subsydzjepotten iepen gean. It museum yn Moddergat lit in Wierumer Aak en in tradisjonele skipswerf bouwe. Dat komt by it Garnalefabrykje bûten it doarp dat omboud wurdt ta besikerssintrum.

Der is no Europeesk Leaderjild tasein. Dat bestjut dat de subsydzje fan 'e gemeente Dongeradiel ek trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)