Skipswerf De Greuns fallyt

06 feb 2004 - 00:00

Skipswerf De Greuns yn Ljouwert is fallyt. De 35 personielsleden wurde freed op 'e hichte brocht. De merk foar skipsbou is ynsakke en dat is de wichtichste reden foar it fallissemint.

Op de werf wurde skippen boud foar plysje en Rykswettersteat. De lêste jierren hat De Greuns him mear en mear talein op de bou fan aluminium skippen. Yn febrewaris 2003 moasten der ek al tsien minsken út om't der hieltyd minder wurk wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)