Skipswerf Bylsma is fallyt

19 maaie 2003 - 00:00

Skipswerf Bylsma Warten is fallyt, sa is moandei bekendmakke. De 74 wurknimmers krije dien. Letter wurdt besjoen hoefolle meikinne nei de festiging op 'e Lemmer. De takomst fan dy festiging stiet lykwols ek faai.

Jild foar in sosjaal plan sil dreech te finen wêze, sa seit bewâldfierder Cnossen. Troch it fallissemint komt de bou fan in nije oerfarder nei It Amelân yn 'e knipe. De direksje fan Bylsma praat tiisdei mei rederij Wagenborg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)