Skipssleat wurdt opknapt

03 okt 2003 - 00:00

Yndustryterrein Skipssleat yn Wolvegea wurdt opknapt. Mei de wurksumheden fan it terrein dat yn de 50-er jieren oanlein is, is freed begûn. Fersmoarge grûn, lykas by it âld gasfabryk wurdt skjinmakke.

It yndustryterrein wurdt ek útwreide. Nije bedriuwen soenen yn de takomst sa'n 100 nije wurkplakken opsmite. De opknapbeurt fan Skipssleat kostet sa'n alve miljoen euro. Ein 2004 moat it wurk klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)