Skipskasko's bouwe yn Fryslân

06 sep 2007 - 21:16
  • Kasko's soene hjir boud wurde moatte

Fryslân moat mear sels kasko's foar jachten bouwe litte. Dat seit koördinator Wagter fan it kennissintrum foar jachtbou fan de Noardelike Hegeskoalle Ljouwert. Hy wol dat skipsbouwers kasko's net mear yn it bûtenlân meitsje litte.

Wagter giet yn novimber mei in groep nei Slovenië. Hy wol sa sjen litte hoe't it better kin yn Nederlân en besykje om ek yn Noard-Nederlân de bou fan kasko's te stimulearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)