Skipsbou wiist subsydzje ôf

10 maaie 2001 - 00:00

De skipsbou yn Fryslân sjocht neat yn subsydzje fan it Ryk. De Europeeske Kommisje tinkt der oer om wer ryksjild te stekken yn de skipsbou, om sa de slach mei Súd-Korea oan te kinnen.

Mar by Bylsma yn Warten en Welgelegen yn Harns tinke se dat de sektor it op eigen krêft rêde moat. Leaver in hannelsoarloch mei Korea as subsydzje fan it ryk, sa is de stimming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)