Skippersbruorren Steenstra rêde kanofarder út de Isel

18 feb 2016 - 16:57

De skippersbruorren Steenstra fan Westergeast ha woansdei in kanofarder út de Isel rêden. De man sloech mei syn kano om ta hichte fan Zwolle. Jan en Durk Steenstra seagen de kano op de kop driuwen doe't se der mei har binnenfeartskip del fearen.

Troch in tou mei in lus deryn om de man hinne te smiten koe Durk him út it wetter krije, wylst syn âldere broer Jan it skip stil hold. We ha wol in kertier wurk hân foar't er oan board lei, seit Jan Steenstra. Doe't de kanofarder ien kear oan board wie, wie er ûnderkuolle rekke.

Lyts boatsje

De brânwacht hat de kanofarder mei in lyts boatsje nei de fêste wâl ta brocht. 

Libjend út it wetter

It fernuveret de bruorren dat se de man libjend út it wetter helje koenen. "Earder ha ik der al twa fersûpen sjoen, seit Jan Steenstra. ''Ien kear in Dútser, dy't fan syn jacht fallen wie. En in kear in man, dy sprong sa foar myn skip it wetter yn. Selsmoard. Dan is it moai dat je der no ien rêde kinne."

''Libbensgefaarlik''

De kanofarder hie in rêdingsfest oan. ''Dat hat syn gelok west,'' seit Steenstra. "It is libbensgefaarlik om no te kanofarren. It wetter is heech, it streamt hurd, en it is kâld. Miskien in graad as twa, trije."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)