Skippers tsjin nije regels

07 jul 2014 - 21:39

Binnenfeartskippers binne min te sprekken oer de nije regels fan Rykswettersteat op it Prinses Margrietkanaal. Rykswettersteat fynt dat skippen op it kanaal te faak yn oanfarring mei de brêge komme.

Grutte frachtskippen meie dêrom tenei net hurder as 6 km de oere troch de brêge. Boppedat meie se by guon brêgen allinnich ûnder it bredere, fêste diel troch. Dat is in grut probleem, seit skipper Pieter Eikelenboom, want se binne no langer ûnderweis.

Belangeferiening Schuttevaer kin him goed fine yn de nije regels fan Rykswettersteat. De organisaasje foar skippers seit noch gjin klachten fan skippers krigen te hawwen. Schuttevaer sil de kommende tiid de nije maatregels goed yn de gaten hâlde en besjen oft dêrtroch yndie problemen ûntstean foar de binnenfeart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)