Skippers gean elkoar te liif

21 jul 2014 - 10:37

De emoasjes rûnen sneon by de earste wedstriid fan de SKS-silerij by Grou heech op. De skûtsjes fan de Súdwesthoeke en Akkrum kamen tegearre de Tynje yn en klapten dêr boppe op elkoar. Skipper Auke de Groot fan de Súdwesthoeke waard ferskriklik lilk en sprong oan board by de Akkrumers. Hy joech skipper Pieter Meeter in flinke triuw en gie doe op it dek sitten.

De minsken fan Omrop Fryslân hawwe him wer oan board brocht fan syn eigen skûtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)