'Skipperje net mei alkohol'

19 jun 2010 - 11:04

De kampanje 'Schipper niet met drank' is sneon wer fan start gien. De kampanje wiist de wettersporters op de gefaren fan drankgebrûk op it wetter. In soad fakânsjegongers wolle noch wolris ferjitte dat it bestjoeren fan in boat net goed giet mei drank op.

Yn û.o. havens wurde folders útdield oan de skippers en by de Sneekweek en de Fiskerijdagen binne promoasjeteams yn aksje om te wizen op de gefaren fan alkoholgebrûk op it wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)