Skipper wol oanjefte dwaan

12 aug 2010 - 13:33
  • It bange momint foar skipper Robert de Jong
  • Skipper Robert de Jong fan De Lemmer

Skipper Robert de Jong fan De Lemmer wol oanjefte dwaan tsjin syn kollega Peter de Koe. By de silerij fan de IFKS yn Sleat rekke De Jong woansdeitemiddei ferwûne. De Jong waard rekke troch de boechspriet fan it skûtsje fan De Koe.

De Jong koe him noch krekt fêsthâlde oan it skûtsje fan De Koe. Hy moast him yn it sikehûs behannelje litte foar ferwûnings oan de holle. Neffens De Jong wie sprake fan in oanslach op syn libben troch De Koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)