Skipper wie yn sliep fallen

27 jul 2007 - 09:03
  • Skipper yn sliep fallen: skip ramt húske (foto: Bonne Bruinsma)
  • De boat drukt it hûs achteroer

De skipper dy't mei in frachtskip by Grou in fakânsjehûs ramde, wie yn sliep fallen. Dat seit de plysje. De man gie yn in bocht rjochttroch, skode tsien meter de wâl op en rekke it fakânsjehûs. Dêr leine in man, in frou en twa bern yn te sliepen. Dy binne as troch in wûnder net ferwûne rekke. It hûs is folslein fernield.

De Victus komt út Dordrecht en is 105 meter lang. De oare skipfeart kin der gewoan del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)