Skipper Pietersma: "Troch frijspraak wer suvere fan smet"

09 des 2015 - 22:39
  • It winnende skûtsje fan Earnewâld

Skipper Gerhard Pietersma fan it Earnewâldster skûtsje is frijsprutsen fan it oertreden fan in sylferbod op it Prinses Margrietkanaal by Terherne. Pietersma is bliid dat er fan dizze smet suvere is. Hy tilde der swier oan dat him ferwiten waard dat er de regels net folge hie, ek om't er skipper is op it steatejacht Friso fan de provinsje.

Neffens advokaat Tjalling van der Goot wie der fan alles oan te merken op it proses-ferbaal.

Earst soe de skipper yn de slûs syld ha, mar nei't er útlein hie dat dat hielendal net koe, omdat dat yn de wyn op wie, waard dat feroare. Boppedat soe de skipper yn de fargeul in farboom brûkt ha, mar neffens him is it dêr fierstente djip om te bomen. Pietersma seit dat er de boom bûten de geul brûkt hat, en dat er it kanaal rjocht oerstutsen is. En dat mei wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)