Skipper oerfallen op 'e Lemmer

10 apr 2006 - 12:33

In 34-jierrige Dútske skipper is snein oan it begjin fan de jûn op 'e Lemmer oerfallen troch in man en twa froulju. De skipper lei op dat stuit te sliepen yn syn boat.

De yndringer sette de skipper fuort en daliks in mes op de kiel en easke jild. De twa froulju hawwe de boat trochsocht en in lyts jildbedrach meinaam, dêrnei binne se wer ôfsetten. De plysje stelt in fierder ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)