Skipper krijt farferbod

02 aug 2009 - 13:25

De plysje hat sneontemiddei op Skylge in skipper (34) út Grins oanhâlden fanwege it farren ûnder ynfloed. De plysje wie warskôge troch omstanners en de havenmaster. De man makke nuvere manoeuvres mei syn sylboat en koe ferskate kearen mar krekt in oanfarring foarkomme.

By in blaastest en ademanalyze die bliken dat de man 3,1 promille alkohol yn syn bloed hie. Hy krige in farferbod oplein fan 18 oeren en in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)