Skipper by de Lemmer ferdronken

16 mrt 2006 - 13:02

Op 'e Iselmar is woansdeitemiddei in skipper ferdronken. De man (36) út Nieuwegein sloech eefkes nei tolven middeis oerboerd fan syn skip Morgenstond op in kilometer fan De Lemmer. It stoflik omskot waard om fiif oere fûn.

Ferskate helptsjinsten waarden ynset by de syktocht. Der is socht mei sân boaten fan de wetterplysje en de KNRM, en troch helikopters fan de Marine en de KLPD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)