Skippen Strontrace yn Warmond

20 okt 2004 - 10:09

De koprinner yn de Strontrace is tiisdei om 11.40 oere oankaam yn Warmond. Dat wie it skûtsje Rust na Arbeid, fan Rudolf le Poole út Leiden. Syn twa achterfolgers leinen om tolve oere flak foar Warmond.

De Strontrace is moandei om 13.00 oere begûn yn Warkum. De skippen farre mei rûge dong nei Warmond en dan werom. Dêr wurde se woansdei ferwachte. De skippers lizze achter op it skema fan ferline jier om't der net folle wyn wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)