Skippen nei haven tastjoerd

18 jul 2004 - 16:24

De rêdingsboaten fan de KNRM yn Harns ha sneontejûn 14 skippen fan it Waad helle, om foar te kommen dat se yn de problemen rekken troch it minne waar. De rêdingsboaten patrûljearren yn de fargeulen Blauwe Slenk en De Boontjes.

De bemanning fan de skippen waard advisearre om sa gau mooglik in haven op te sykjen. It tal lytsere skippen hie gjin rêdingsfesten oan board. Op it hichtepunt fan it needwaar wiene alle skippen yn de haven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)