Skiploads útbaarnd yn Snits

15 jul 2003 - 00:00

In loads mei trije skippen fan it Snitser bedriuw Holiday Boating is moandeitenacht útbaarnd. It bedriuw oan 'e Eeltsjebaas ferhiert en bout skippen. Om 12 oere nachts hinne kaam de melding binnen by de brânwacht. De brân wie rap ûnder kontrôle.

Eigner Smits wennet mei syn húshâlding njonken it bedriuw yn in pleats. Se leine noch mar krek op bêd doe't se fernommen dat der wat mis wie.Oer de oarsaak is noch neat te sizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)