Skipfeartmuseum skoart

14 maaie 2007 - 13:59
  • soad minsken besjogge de kolleksje op ynternet

De webside fan it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits is populêr sûnt de side útwreide is mei foto's fan de hiele kolleksje. It tal besites is hast fiif kear sa grut wurden.

Alle moanen sjogge in lytse 2000 minsken ien of meardere kearen op de side. Yn in jier tiid is hast 250.000 kear op ien fan de siden fan de webside sjoen. It museum krijt dertroch ek mear ûndersyksoanfragen as yn it ferline.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)